Yllegaal fjoerwurk pakt

22 des 2010 - 09:58

Yn Snits hat de plysje tiisdei in man fan 31 jier oanhâlden om't er yllegaal fjoerwurk yn syn besit hie en mooglik ferhannele. De plysje fûn nei oanlieding fan in tip 50 oant 60 kilo fjoerwurk yn in bedriuw yn de Smidsstrjitte. It gie om mortieren, nitraatbommen, lawinepylken en flinterbommen.

De eigner is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. It fjoerwurk is yn beslachnaam.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)