Fakkeltocht op Alde Feanen
Der binne woansdei twa toertochten yn Fryslân. Njonken De Leijentocht by De Rottefalle giet it om de Fakkeltocht oer de Alde Feanen by Earnewâld en Terherne.
De ynskriuwing begjint om 17.00 oere. Yn Terherne is in tocht fan sân kilometer útset lâns lantearntsjes op it iis. By Earnewâld is in rûntsje fan twa kilometer lâns fakkels.