Gjin oplossing AGC-konflikt

22 des 2010 - 07:28

Der is noch hieltyd gjin oplossing foar it CAO-konflikt by it glêsfabryk AGC Flatglass yn Easterwâlde. Meiwurkers leine ferline wike foar it earst sûnt it bestean fan it fabryk it wurk del om't se it net iens wiene mei it CAO-foarstel fan de direksje.

De fakbûnen ha tiisdei opnij oerlein mei de direksje om ta in oerienkomst te kommen. Neffens in wurdfierder fan de fakbûnen is de direksje wol tichter by de easken fan de bûnen kommen, mar net genôch foar in akkoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)