Grienten fan tún It Fean sûn

21 des 2010 - 20:26

Yn de grienten fan it folkstúnkompleks Het Meer op It Hearrenfean sit net tefolle lead. Yn de grûn waarden ferline jier ferhege konsintraasjes lead fûn, dêrom waard dit jier de griente ûndersocht.

De gemeente neamt it leadgehalte 'leech' en seit dat der gjin oanwiisbere sûnensrisiko is by konsumpsje. By inkele grienten kaam it leadgehalte wol krekt boppe de wetlike noarm út. Goed waskje en skile is dêrom wol in oanbefelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)