Pensjonhâldster noch net frij

De 65-jierrige pensjonhâldster fan Eanjum dy't yn 1997 twa minsken ombrocht hat, komt noch net frij. De Ljouwerter rjochtbank hat hjoed besletten dat se noch in jier langer ûnder tafersjoch fan de TBS-klinyk bliuwe moat. Dat hie it iepenbier ministearje ek easke.
Krysttiid 1997 waarden by it eardere stasjonsgebou yn Eanjum de lichems fan twa manlju oantroffen. De pensjonhâldster hie de mannen mei in hammer de holle ynslein.