Bulgaarske plysje op 'e Weaze

21 des 2010 - 16:32

Bulgaarse resjersjeurs sille tenei patrûljearje yn de rosse buerten fan Ljouwert en Grins. Se hearre by twa ûndersyksteams fan Nederlânske en Bulgaarske plysjeminsken. Dizze teams wurde de kommende moannen gearstald en ynset om minskehannelers op te spoaren. Ien en oar is tiisdei bekend makke op in topkonferinsje yn de Bulgaarske haadstêd Sofia.

Steatssiktaris Fred Teeven fan justitie wol de plysjegearwurking mei Bulgarije trochsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)