Bergsma wint FK maraton Hylpen

21 des 2010 - 15:33

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat tiisdei by Hylpen it Frysk Kampioenskip maraton op natoeriis wûn. Bergsma wûn de sprint fan de bruorren Bart de Vries en Bob de Vries fan De Haule. Bob de Vries hie flak foar de einstreek in misslach en koe it sadwaande net bolwurkje. It FK waard ferriden op de Iselmar.

Earder op de middei waard Carla Zielman fan Rottum Frysk kampioene by de froulju. Maria Sterk fan Hallum waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)