Al in soad riders op bûteniis

21 des 2010 - 15:19

Der wurdt folop riden op it bûteniis yn Fryslân. Neffens de iiswegesintrale is it in skoft lyn dat der sa betiid yn 'e winter op iepen iis riden wurden koe. De omstannichheden yn Fryslân binne goed om it iis flink groeie te litten.

It hat dit jier al bêst ferzen, yn it Noarden is net in soad snie fallen en it Wetterskip is ophâlden fan meallen. Neffens de iiswegesintrale is it iis ridlik oant goed betroud, mar der binne noch in soad swakke plakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)