Pont Burd nimt gjin auto's mei
Auto's meie fan tiisdeitemiddei ôf net mear mei de pont De Burd yn Grou oerset wurde. Fanwege de iisgong yn it PM-kanaal kin de pont net mear oanlizze yn de ynstekhavens, want dêr blokkeare iisskossen de op- en ôfritten.
Fytsers en fuotgongers kinnen noch wol oerset wurde. Helptsjinsten wurde yn gefal fan in kalamiteit wol oerset. Bewenners fan De Burd binne yntusken oer de maatregel ynformearre.
Trefwurden:
argyf