Krystkaart 4 dagen ûnderweis

Dizze krystkaart wie fjouwer dagen ûnderweis...
De kaart dy't Miranda Werkman oan kollega Diana de Groot stjoerd hat is moandei oankommen. Ferline wike tongersdei is de kaart op de post dien yn Waaksens. Omrop Fryslûn makke doe in reportaazje oer de poststakings dy't no fan de baan binne omdat der in akkoart is tusken de fakbûnen en de direksje fan TNT post.
Yn de ôfrûne wiken hawwe meiwurkers fan TNT ferskate kearen it wurk dellein. Dêrom is der in achterstân yn it ferwurkjen fan de poststikken.