Fjoerwurk:10 jongeren nei Halt

By it Haltburo Fryslân binne de ôfrûne moannen hast tsien jongeren oanmeld fanwege oertredings mei fjoerwurk. De jongeren waarden troch de plysje betrape op it ôfstekken fan fjoerwurk of hiene fjoerwurk by harren.
It giet om oertredings yn de perioade fan 1 oktober oant en mei 15 desimber. It tal fan no leit leger as dat fan ferline jier. Doe waarden yn deselde perioade 16 jongeren betrape. It Haltburo hat noch gjin ferklearring foar dat ferskil.