It Amelân wol mear toeristen

21 des 2010 - 10:17

De VVV op It Amelân krijt 25.000 euro fan de gemeente, mar moat dat jild weromjaan as der net mear toeristen komme. De VVV moat mei it ekstra jild derfoar soargje dat mear boatkaarten ferkocht wurde en dat der mear besikers op de eigen website komme.

It tal toeristen moat neffens de riedsleden omheech fan 460.000 no nei 520.000 yn 2013. It giet benammen om in útwreiding yn de perioaden dy't no rêstich binne. VVV Amelân krijt no mei-inoar 175.000 euro subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)