Oppakt foar yllegaal fjoerwurk

In man út Surhústerfean (35) is moandeitemoarn oanhâlden troch de plysje. Hy wurdt fertocht fan de hannel yn swier en yllegaal fjoerwurk.
De plysje krige in melding op Meld Misdaad Anoniem. Yn in hûs oan de Koarstmoas fûn de plysje tusken de 200 en 300 kilo fjoerwurk. Der siet sierfjoerwurk by, mar ek lawinepylken. Der leine ek listen wêrmei't minsken fjoerwurk by de man bestelle koene. De fertochte is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.