Aldhoarne dwaande mei rekôr

21 des 2010 - 10:00

De jongerein fan Aldhoarne is moandeitenacht om tolve oere begûn om te besykjen in wrâldrekôr Sint Thomaslieden te heljen. Besocht wurdt om de klokken fjouwerentweintich oeren non-stop te lieden.

Doel fan de rekôr is ek om it lieden fan de klokken yn it doarp populêrder te meitsjen ûnder de jongerein sadat de ieuwenâlde tradysje yn de takomst bestean bliuwe kin. Mei it kloklieden wurde lulke geasten fuortjage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)