Ynbrekker út Wolvegea oppakt

De plysje hat mei de oanhâlding fan in Wolvegeaster (23) ferskate ynbraken en stellerijen oplost. It giet ûnder oare om in ynbraak by in hûneklup yn syn wenplak. In tsjûge hie de man sjoen.
De plysje hie dna-materiaal fan de dieder fûn en op basis dêrfan koe de plysje sizze dat de 23-jierrige by de ynbraak belutsen wie. By ferhoar joech de man ta dat er faker ynbrutsen hie en dat er ek al ris fytsen en kratten bier stellen hie. De man sit noch fêst.