Trekkers op grutte dyk
Trekkers moatte fan moandei ôf tusken Stiens en Ljouwert oer de grutte dyk. Sa wol de provinsje it feiliger meitsje foar fytsers en scooterriders.
Op de paralleldiken fan de N357 hawwe in soad ûngelokken en hast-botsings west tusken lânbouferkear en fytsers. Lânboubedriuwen stean achter de maatregel.