Undersyk medisinen moardsaak

20 des 2010 - 16:23

Nei it medisinegebrûk fan de man dy't Murkje de Vries yn febrewaris fan 2008 om it libben brocht hat komt definityf in ûndersyk. Dat waard moandei dúdlik by de behanneling yn heger berop by it Gerjochtshôf yn Ljouwert.

De man waard earder ta 24 jier selstraf feroardiele troch de rjochtbank. Tsjin de man wie 30 jier selstraf easke. Neist it deasjitten fan Murkje de Vries, skeat de man ek syn eks-frou en har freon del, sy rekken swier ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)