Befeiligers Balk bliuwe langer

De partikuliere befeiligers dy't fan april oant ein septimber sneontenachts yn Balk oan it wurk wiene, bliuwe noch in healjier ekstra. It giet om in proef dy't troch de gemeente betelle wurdt, bedoeld om de oerlêst fan it útgeanspublyk te beheinen.
Neffens boargemaser Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat is der sawol troch de hoareka, de âlders as de gemeenteried frege om de proef te ferlingjen want it oanwêzich wêzen fan befeiligers docht fertuten.