Selstraf easke foar fjoerwurk

20 des 2010 - 15:11

Tsjin in 48-jierrige Ljouwerter is moandei foar de rjochtbank yn Ljouwert 30 moanne selstraf easke en it yn beslachnimmen fan 19.000 euro. De man wurdt derfan fertocht yn in loads yn Snakkerbuorren 7000 kilo oan yllegaal fjoerwurk opslein te hawwen.

It fjoerwurk waard begjin novimber ûntdutsen. It giet om ien fan de grutste fynsten yn Fryslân fan de ôfrûne jierren. De Ljouwerter is earder feroardiele foar de ferkeap fan yllegaal fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)