BFVW ferliest 850 leden

It Bûn foar Fryske FûgelWachten, it BFVW, ferlear dit jier 850 leden. Dat soe benammen troch de fergrizing en de lanlike trend komme. It is dreech om jongerein te belûken.
Tsjin dy lanlike trend yn is de Waadferiening yn 2010 op 'e nij groeid. De feriening hat der 321 leden by krigen. Ek ferline jier krige de feriening der al goed 400 leden by. It ledetal fan de tredde grutte natuerklup yn Fryslân, It Fryske Gea, is stabyl bleaun.