FK maraton yn Hylpen
Op 'e Iselmar wurdt tiisdei it Frysk kampioenskip maratonreedriden op natueriis ferriden. By Hylpen stride de Fryske maratonreedriders dan om de Fryske titel.
Oan de Westerdyk tusken it badpaviljoen en Hylpen is in baan útset fan goed ien kilometer lingte. Der kin riden wurde yn de kategoryen masters, manlju en froulju. De wedstriid wurdt organissearre troch iisklup Hylpen.
Trefwurden:
argyf