Fernielers oppakt yn Drachten

20 des 2010 - 10:25

De plysje hat sneintenacht fjouwer manlju oanhâlden foar it fernielen fan ruten yn Drachten. It giet om in 21-jierrige man fan De Harkema, twa manlju fan 20 út Stynsgea en Surhuzum en in 19-jierrige man út Surhuzum.

De groep hie de ruten fan in restaurant en in winkel oan de Noardkade fernield. De plysje fûn de groep op de Súdkade. De man fan De Harkema blette flink oan syn hân. De fjouwer binne oppakt en oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)