Eenhoorn foar goed doel
Radio Eenhoorn hâldt tusken krysttiid en âld en nij op 'e nij in maraton-útstjoering foar in goed doel. Der is dit jier omtinken foar mantelsoargers en oare minsken dy't foar in oar klearsteane. Sy krije in blomke.
De útstjoering fan 120 oeren live radio komt út in tydlike studio yn Horeca Schatzenburg tusken Menaam en Dronryp. Dêr binne optredens fan ferskate lokale en regionale artysten, wêrûnder Die Twa, Piter Wilkens, Griet Wiersma en De Wiko's.
Trefwurden:
argyf