Aksje foar oanlis Sintrale As

Undernimmersferienings yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel begjinne mei in aksje foar de oanlis fan de Sintrale As. De ûndernimmers dogge in oprop oan alle ûndernimmersferienings, doarpbelangen en maatskiplike organisaasjes om de krêften te bondeljen.
De ûndernimmers wolle mei in petysje komme. Dy petysje moat foar 27 desimber yntsjinne wêze by de Rie fan Steat.