Man út Appelskea krijt klappen

19 des 2010 - 14:41

In man (34) út Appelskea krige freedtenacht klappen yn syn wenplak. De man spruts twa manlju oan dy't mei de auto fêstsieten oan de Teunis Geessienwei. Sy besochten los te kommen troch gas te jaan. De manlju yn 'e auto reagearren op it kommintaar troch de man ferskate kearen te slaan.

It slachtoffer warskôge de plysje. Dy koe de dieders justjes letter oanhâlde yn Easterwâlde. It giet om in man fan Appelskea (25) en ien fan Easterwâlde (24).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)