Oanhâlding mei pepperspray

19 des 2010 - 14:19

De plysje hat sneontejûn in Noardburgumer (21) oanhâlden mei help fan pepperspray. De man skopte in plysjeman ûnderút. De plysje besocht oanslutend om de man oan te hâlden. Dat slagge mar min, omdat de man him bot fersette en opnij begûn te slaan en te skoppen. Om it ferset te brekken brûkte de plysje pepperspray. Hjirnei slagge it wol om de fertochte mei te nimmen nei it plysjeburo.

De plysje socht de man op, omdat er belutsen wie by in rúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)