Snitser froulju ferlieze
De follybalfroulju fan Snits ha sneon yn de Dela League mei 3-2 fan Sliedrecht Sport ferlern. Yn Sliedrecht naam de thúsploech in 2-0 foarsprong yn sets. Dernei kaam Snits werom troch de folgjende twa sets te winnen.
Snits koe dêrnei net trochpakke en moast de fiifde en beslissende set fuortjaan mei 15-9. Snits stiet no yn nei lêste en spilet yn it nije jier wer op 15 jannewaris tsjin Taurus út Houten.
Trefwurden:
argyf