Reedrydles fan Erben Wennemars

18 des 2010 - 17:09

Reedrider Erben Wennemars joech sneon reedrydles oan bern op it NS-stasjon yn Ljouwert. Dêr hat de NS in keunstiisbaantsje oanlein. De iisbaan leit op it perron by it gebou dêr't earder de stasjonsrestauraasje wie.

It bliuwt dit wykein wintersk. Rûnom yn 'e provinsje binne al wer in soad iisbanen iepen. Op 'e Grutte Wielen by Ljouwert wie it aardich drok mei reedriders. Der waard ek iissurfd mei surfseilen op in planke op glêde izers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)