Stiennen Man yn Hannemahûs

18 des 2010 - 16:00

Yn it Hannemahûs yn Harns is sneon de tentoanstelling Koppen boppe Wetter oer 500 jier wetterkearing iepen. It museum is foar it twadde jier ek winterdeis iepen. Mei de útstalling oer saken ticht by hûs besiket it museum mear publyk te lûken. Pronkstik fan 'e útstalling is it orizjinele byld fan de Stiennen Man.

Ferline jier is it tal besikers mei sprongen omheechgien. Mei dizze tentoanstelling hopet it museum ek de 10.000 besikers te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)