Spoar yn snie: oanhâldings

In man fan 21 út Ljouwert en in 32-jierrige man út Twizel binne oppakt foar wapenbesit en riden sûnder rydbewiis. De plysje krige harren yn de gaten by in grutte alkoholkontrôle op de Bjirkewei yn Twizelerheide. Se rieden in oprit op en naaiden doe út.
De plysje koe harren fine troch de fuotstappen yn de snie. Se sieten achter in loads. Se hiene net dronken, mar binne wol bekeurd. Der lei in wapenstôk yn 'e auto en se koene gjin rydbewiis sjen litte.