Ljouwert: ynbrekker oanhâlden

De plysje hat in 20-jierrige man út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in hûs oan it Grut Skavernek. De plysje krige de melding dat de bewenner twa ynbrekkers oer it mad kaam wie. Hy hat besocht se te pakken te krijen, mar dat slagge net.
Wylst de plysje by de man thús syn oanjefte oan it opnimmen wie, betocht er him dat er de dieder mooglik koe. Op grûn fan in sinjalemint is doe de 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy is meinaam nei it buro.