Fúzje kranten NE-Fryslân

De Nieuwe Dockumer Courant en de Kollumer Courant sille fusearje. De beide abonneekranten ferskine mei yngong fan jannewaris ûnder de nije titel Nieuwsblad Noordoost-Friesland. De fúzje fynt plak op advys fan de beide redaksjes.
De nije krante sil ferskine yn in oplage fan 7500 eksimplaren yn Noardeast-Fryslân. Doel fan de fúzje is om de posysje sterker te meitsjen yn dizze foar kranten drege tiid.