Wetterskip set gemalen út
Wetterskip Fryslân is freedtejûn opholden mei it ôfstreamen fan wetter út de Fryske boezem. De slûzen yn Harns, Dokkumer Nije Silen en Lauwerseach binne ticht. It gemaal yn Starum is ek útset.
Sneon wurde de gemalen yn de polders stadichoan útsetten dêr't dat kin. Sa wurdt de kâns om op it bûtenwetter te reedriden grutter makke.