Stienmurd byt acht dowen dea

17 des 2010 - 21:43

In stienmurd hat tongersdeitenacht in slachting oanrjochte yn in dowehok yn De Pein. Doe't doweleafhawwer Harm van der Bij freedtemoarn by syn dowen kaam seach er acht deade dowen lizzen. Twa dokes wiene bot ferwûne. Van der Bij hie yn totaal goed 80 postdowen.

De beskerme stienmurd komt hieltyd faker foar yn Fryslân. Van der Bij ropt dêrom oare dowe- en fûgelhâlders op om de boel goed yn de gaten te hâlden en harren hokken goed ticht te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)