Miljoenen foar biogaslieding

It Waadfûns stekt 5 miljoen euro yn de oanlis fan in biogaslieding fan Noardeast-Fryslân nei Ljouwert. De finansiering fan dy lieding is no sa goed as rûn. De lieding rint fan Holwert nei Ljouwert. Troch de piip rint biogas fan boeren út Ferwerderadiel en oare gemeenten nei in opwekstasjon yn Ljouwert.
De biogaslieding moat der mei foar soargje dat de provinsje syn doelstellings fan duorsum enerzjygebrûk hellet.