Ofskied fan Polderman
De gemeente Tytsjerksteradiel naam freed nei 14 jier ôfskied fan boargemaster Gerrit Jan Polderman. De 63-jierrige Polderman is sûnt 1996 de earste boarger fan de gemeente. Op 1 jannewaris giet er mei de VUT. Op de ôfskiedsresepsje yn Earnewâld wie it drok mei kollega-boargemasters, riedsleden en ûndernimmers.
Mar der kamen ek in soad ynwenners dy't nei eigen sizzen ôfskied namen fan in 'belutsen boargemaster en boppedat in gewoane man'.
Trefwurden:
argyf