Jild foar sintrum Noarderleech

17 des 2010 - 19:56

It Fryske Gea krijt hast fjouwer ton út it Waadfûns foar de bou fan in ynformaasjesintrum by it Noarderleech. It moat in sintrum wurde dêr't kennis en ferhalen oer it bûtendykse lân byinoar komme. It Fryske Gea wol de lokaasje boppedat brûke foar foarljochting oan skoalbern.

It Gea krijt ek jild foar in evaluaasje fan it ferkwelderings-eksperimint by it Noarderleech. It giet om in bedrach fan hast twa ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)