Jeugd te drok by New Kids

17 des 2010 - 17:06

Bioskoop Tivoli yn Ljouwert set ekstra portiers yn tsjin oerlêst fan jongerein. Op it heden draait de film New Kids Turbo en it publyk dat dêrop ôf komt reageart drok op de film en makket in soad leven. Dat steurt oare minsken yn de seal. Portiers moatte der no foar soargje dat de jongeren rêstich bliuwe en gjin alkohol meinimme.

It is noch net dúdlik hoelang't de portiers bliuwe. Se binne der yn alle gefallen yn de krystfakânsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)