Tredde opfarrende HA38 fûn

17 des 2010 - 15:48

It lichem fan de fermiste 19-jierrige Grinzer matroas fan 'e skulpsûger HA38 is freedtemiddei fûn. It slachtoffer lei by it klearmeitsjen fan it kanteljen fan it skip yn de haven fan Harns tusken de reling en de stjoerhut. It lichem leit noch ûnder de boat yn ferbân mei neier ûndersyk.

De kaptein fan 'e skulpsûger is tongersdei yn it MCL yn Ljouwert ferstoarn. Tiisdeitenacht waard it lichem fan de tredde opfarrende al fûn op it strân fan Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)