Oaljekoek yn 'light'-ferzje
Yn Fryslân binne no ek sûne oaljekoeken te krijen. Dêr sitte mear fezels, minder sûker en minder fet yn. De nije soart oaljekoeken wurde bakt by bakkerij Boonstra yn Akkrum.
Fan hieltyd mear produkten komt ek in light-fariant út. Dat komt omdat de fraach nei sûn iten ek hieltyd mear tanimt. Boonstra spilet dêrop yn mei syn meagere oaljekoeken.