Diskusje oer lytse skoallen

Der komt in brede maatskiplike diskusje oer lytse skoallen yn Dongeradiel. Troch de krimp binne der hieltyd minder bern. Sluting fan skoallen heart ta de mooglikheden, seit wethâlder Sicko Boorsma fan Dongeradiel. It fusearjen of opgean yn in multyfunksjoneel sintrum soe ek kinne. Yn Dongeradiel giet kommende simmer al in skoalle ticht fanwege te min learlingen. It is de Skoalle mei de Bibel yn Wierum.