Krityk op KNVB-keurings

Op inisjatyf fan trainer Arts fan Cambuur hat foarsitter Marsman fan de Coaches Betelle Fuotbal praat mei de KNVB. Arts wie lulk op de KNVB en de skiedsrjochter omdat de wedstriid Cambuur-MVV op 3 desimber trochgean moast. It Cambuurfjild wie hurd en gefaarlik.
De KNVB bliuwt by it stânpunt dat de skiedsrjochter beslút yn sokke gefallen. Marsman wol mei in groep trainers dochs nochris prate mei it fuotbalbûn. Arts wol ek graach meiprate.