Friezen yn medaljerace

17 des 2010 - 13:41

Marit en Roelof Bouwmeester en Pieter-Jan Postma komme sneon alle trije yn aksje yn de medaljerace. Roelof Bouwmeester is de ferrassing yn Melbourne by de wrâldbekerwedstriid. Yn syn Laser klom er nei it fjirde plak troch û.o. in twaddde en tredde plak yn race njoggen en tsien.

Marit kaam ien kear yn aksje. Se waard twadde yn de Laser Radial en stiet no op twa punten fan de Sinese Shuang. Pieter-Jan Postma wûn de achtste race yn de Finn en klom nei it sânde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)