Popprogrammeur Muis hâldt op

Harry Muis
De Ljouwert popprogrammeur Harrie Muis hâldt op mei syn wurk. Per ien jannewaris leit er syn wurksumheden as programmeur by Teater Romein del. Dat soe earst oan 'e ein fan it seizoen, yn juny.
Muis hat tritich jier lang popkonserten organisearre yn Ljouwert, yn muzyksintrum Schaaf en letter ek yn Romein. Dêrneist wie er aktyf as fotograaf. Muis syn taken wurde yn Teater Romein oernommen troch Wietse Meetsma.