Alarmknop fia ynternet

17 des 2010 - 13:00

Oer ynternet in alarmsintrale warskôgje giet noch net altyd probleemleas. Dat is de útkomst fan in proef fan it Gezonds Expertise en Educatiecentrum Friesland. Yn Ljouwert binne op proef by in tsiental minsken kastjes pleatst. Minsken kinne op in alarmknop drukke en der er fia prate.

De proef krijt no in ferfolch op 'e Gordyk. Dêr komt it apparaat by 500 hierders fan Elkien te stean. Besjoen wurdt no oft it kastje wurket by ferskate ynternetoanbieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)