Eigner helm by brêge meldt him

De eigner fan ien fan 'e twa helms dy't dit wykein by Hijum fûn binne hat him by de plysje meld. It giet om in jonge fan 16 jier út Hallum. De helms waarden sneintemoarn fûn troch in foarbygonger. Se leine by in brêge. Dêrom skeakele de plysje dûkers yn om te sjen oft der minsken yn it wetter rekke wiene. Dat wie net sa.
Underwilens is dúdlik wurden dat de jonge út Hallum in ûngelok hân hat mei in scooter. Wat der krekt bard is, moat noch dúdlik wurde út ferhear.