Beerens siik, Djuricic spilet

© Omrop Fryslân
Roy Beerens is der sneontejûn net by as de Sportklup Hearrenfean de lêste wedstriid foar de winterstop spilet tsjin De Graafschap. Beerens hat de gryp. Syn logyske ferfanger is Luciano Narsingh. Filip Djuricic spilet op it plak fan de skorste Mika Väyrynen. Bas Dost en Daryl Janmaat binne wer blessuerefrij.
Thúsploech Hearrenfean hat noch wat rjocht te setten. Yn septimber waard yn Doetinchem mei 3-2 ferlern fan De Graafschap.