"Treinsteuring om 4 oere oer"

17 des 2010 - 12:04

De treinen tusken It Hearrenfean en Wolvegea ride net earder wer as freedtemiddei om fjouwer oere. Dat hat de NS freedtemoarn bekendmakke. Op it stik spoar is de boppelieding tongersdei oan it begjin fan de middei fernield, nei alle gedachten troch in kraan. Sûnt dy tiid ride bussen op it trajekt en duorret de reis tritich oant sechstich minuten langer.

Earder melde de Nederlânske Spoarwegen noch dat de treinen om tolve oere wer ride soene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)