Emmen-Cambuur giet net troch

17 des 2010 - 10:48

De fuotbalwedstriid fan SC Cambuur tsjin FC Emmen giet freedtejûn net troch. It fjild is troch de KNVB ôfkard.

Op it fjild fan it Univéstadion yn Emmen leit 10 sintimeter snie. Boppedat is de ûndergrûn hurd troch befriezing en net flak. De wedstriid trochgean litte soe te gefaarlik wêze foar de spilers.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)