Gjin útwreiding Dockinga

17 des 2010 - 10:43

De útwreiding fan it Dockinga Kolleezje yn Dokkum giet foarearst net troch. It giet om de Havo- en VWO-lokaasje 't Omnium.

De skoalle is noch mar inkelde jierren âld, mar no al te lyts. Ekstra lokalen bybouwe kostet oardel miljoen euro. Dat past net yn de begrutting fan de gemeente. Besjoen wurdt no oft de learlingen fan it Dockinga ûnderbrocht wurde kinne yn leechsteande lokalen fan it VMBO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)